Ljouwert krijt 'kenniscampus'

© Omrop Fryslân
De bou fan in 'kenniscampus' yn Ljouwert giet definityf troch. It plan foar in nij sintrum fan heger ûnderwiis stie noch faaij, om't der ûndúdlikens wie oer de finansiering. Dy is no rûn.
De campus moat trijehûndert miljoen gûne kostje. De NHL nimt dêrfan in tredde foar syn rekken. It kompleks komt by it Rengerspark. Sa'n 14.000 studinten sille har oplieding dêr folgje.