Ferkeap hierwenten nimt ôf

10 des 2001 - 00:00

Wenningkorporaasjes yn Fryslân ha ferline jier minder huzen ferkocht as it jier dêrfoar. Yn 2000 binne sa'n seishûndert hierwenten ferkocht. In jier earder wiene dat der tûzen mear.

De ferkeap rint tebek, om't hierders mear weromskrikke foar de hege wenlesten as hûseigner. Nei ferwachting sil de ferkeap fan de hierwenten foarearst net wer stige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)