Ljouwert kriget grutte krystmerk

© Omrop Fryslân
Ljouwert kriget dit jier foar it earst in grutte krystmerk. Op it Waachplein steane nije wike 25 kreamkes. Ek binne der optredens fan ferskate artysten.
De krystmerk is in idee fan it Platform Centrum Management. Hjiryn sitte ûnder oare de gemeente Ljouwert, de Ljouwerter ûndernimmersferiening en de stifting Promotie Leeuwarden. It is de bedoeling dat de merk alle jierren hâlden wurdt.