Waanders listlûker PvdA Ljouwert

10 des 2001 - 00:00

Marga Waanders sil de list foar de PvdA yn Ljouwert oanfiere by de gemeenteriedsferkiezings. Dat hawwe de leden fan de partij sneon besletten. Waanders is sûnt in heal jier wethâlder yn Ljouwert.

Op it twadde plak stiet riedslid Hindrik ten Hoeve. Ten Hoeve hat in eareplakje yn de list krigen omdat er al 28 jier riedswurk docht. Fraksjefoarsitter Sybrich Sytsma stiet op it tredde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)