Himpenser tsjerke wer yn gebrûk

© Omrop Fryslân
De tsjerke fan Himpens is snein wer yn gebrûk nommen. Yn 1987 waard de tsjerke ôfstjitten troch de Herfoarme tsjerke fan Goutum, omdat der te min minsken kamen. Dêrnei waard it tsjerkje brûkt as konsert- en eksposysjerûmte.
No't by Himpens de wyk Suderbuorren oanlein is, tinkt it tsjerkebestjoer de tsjerke wol wer fol te krijen. Snein kamen der sa'n 100 minsken op de tsjinst.