Drachtster swimmers goed op NK

09 des 2001 - 00:00

By it NK swimmen hat Maarten Postma it Frysk rekord op de 1500 meter frije slach ferbettere. Yn Alphen aan den Rijn kaam de DZ&PC-swimmer út op in tiid fan 16:28:45. De âlde tiid stie op namme fan Menzo Rowee.

Paula Boot, ek fan DZ&PC wie as rapste frou de finale ynswommen op de 50 meter skoalslach. Se waard yn de finale úteinlik tredde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)