Romjen bom kostet soad jild

© Omrop Fryslân
It romjen fan in 'blindganger' út de Twadde Wrâldoarloch kostet tusken de ien en twa miljoen gûne. In grut part wurdt fergoede troch it ryk. De bom leit yn Ljouwert, op de hoeke fan de Dammeleane en de Jelsumerstrjitte.
It romjen duorret likernôch trije moannen. Wannear't mei de klus begûn wurdt, is noch ûndúdlik. Dêrby wurdt besocht de oerlêst sa folle mooglik te beheinen.