Autoracerij legalisearje?

08 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De autoraces moatte legaal wurde. dat fine in tal jongeren. Se sammelen freed yn Drachten 25 hantekens yn foar legalisearring. Eardere racerijen op yndustryterrein A7 waarden ferbean.

De jeugd wol no race op de airstrip by Drachten. Boargemaster Van der Zaag hat tasein út te sykjen oft dat mooglik is. De racers wolle har organisearje yn in stichting.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)