Provinsje jout les oer harsels

© Omrop Fryslân
De provinsje jout takom wike in lesmetoade oan Fryske skoallen. Doel fan de lessen is om bern yn de kunde komme te litten mei it wurk fan de provinsje. De antwurden op de fragen yn de boekjes kinne de bern fine op ynternet.
Deputearre Jansen brocht freed in tal metoaden by de skoallen rûn. Neffens him is it dreech minsken te ynteressearjen foar de provinsjale polityk.