Direkteur Bosker ferlit Akademy

© Omrop Fryslân
De Fryske Akademy moat op syk nei in nije saaklik direkteur. Derk Bosker, de sittende direkteur, hat ûntslach nommen mei yngong fan 1 maart takommend jier.
Bosker wurket noch mar twa jier by de akademy as saaklik direkteur. Neffens him hat de funksje him net brocht wat hy der fan ferwachte hie. It bestjoer begrypt it beslút fan Bosker, mar fynt it spitich dat er fuortgiet.