No ek wer kij op feemerk

07 des 2001 - 00:00

De feemerk yn it FEC yn Ljouwert bliuwt bestean. Fan jannewaris ôf komt der ek wer in merk foar kij, op tongersdeis. Dat hat de Fryske bûn fan feehannelers besletten.

De feehannelers ha in aparte stichting oprjochte dy't de feemerk ûnder syn bewâld krijt. Dy stichting hat foarearst in kontrakt mei it FEC foar fiif jier. De eksploitaasje fan de merk is regele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)