NHL-ûndersyk medysk spesjalisten

© Omrop Fryslân
Sa'n 400 NHL-studinten sille in lanlik ûndersyk útfiere ûnder 2000 medysk spesjalisten. It ûndersyk wurdt útfierd yn 40 sikehûzen, yn opdracht fan minister Borst fan Folkssûnens.
Ut it ûndersyk moat blike oft it yn de takomst earliker en effisjenter is om dokters te beteljen per oere, yn stee fan per ferjochting. It ûndersyk sil twa wiken duorje en wurdt takom maart dien.