UPC: lanlik 650 banen fuort

06 des 2001 - 00:00

It is noch net dúdlik of de reorganisaasje fan UPC ek gefolgen hat foar bedriuwen yn Ljouwert. Op it stuit binne yn Ljouwert in call-center, in winkel en in netwurkbedriuw fan UPC.

By it netwurkbedriuw wurkje monteurs en ynstallateurs. Freed waard bekend dat yn hiel Nederlân 650 UPC-wurknimmers har baan kwytreitsje. UPC wol net sizze hokker minsken dien krije.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)