Boer moat dong opromje

06 des 2001 - 00:00

In boer út Surhústerfean moat fan de gemeente Achtkarspelen de dong yn syn stâl oprêde. As hy dat net docht, moat er syn bedriuw oan de Blauhústerwei slute. Ferline moanne waarden op de pleats al 35 kij yn beslach nommen.

Neffens de gemeente Achtkarspelen leit der sa'n soad dong yn 'e stâl dat de bisten der net mear by kinne. De stallen binne bou-technysk ek yn minne steat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)