Brânstifter Siersema oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat efterhelle wa't de brân by túnsintrum Siersema yn Harns oanstutsen hat. In 29-jierrige ynwenner fan de Jouwer is oanhâlden. De brân bruts út op 16 augustus fan dit jier. De skea berûn 2 miljoen gûne.
De brân ûntstie troch in baarnende sigaret yn in kontener. De Jouster hat dy der yn smiten. De man is op 28 novimber yn syn hûs oanhâlden.