Lilke frou goait rút yn

06 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei in 38-jierrige frou út Holwert oanholden fanwege fernielings. De frou waard lilk doe't har freondinne by de húsdokter gjin werhellingsresept krige.

Se fernielde in rút by de húsdokter en goaide stiennen op it dak fan de auto fan de assistinte. De dokter sette har doe fan 't hiem en die oanjefte by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)