Fertutearze hynders yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De ynspeksjetsjinst fan de bistebeskerming hat woansdeitemiddei yn Ljouwert acht fertutearze hynders yn beslach nommen. De bisten rûnen op ferskate plakken op yndustryterrein De Hemrik.
Tsjin de eigenaresse is proses-ferbaal opmakke. De ynspeksjetsjinst hold de frou al in skoftsje yn 'e gaten. Dizze moanne sille fan noch mear oertreders bisten yn beslach nommen wurde.