Kinkhoast komt wer faker foar

© Omrop Fryslân
Kinkhoast wurdt wer faker yn Fryslân oantroffen. Alhoewol't de bern der tsjin yninte wurde, komt de sykte dochs sûnt 1997 wer foar. Dit jier binne der al mear as 150 gefallen konstatearre.
Benammen foar lytse poppen kin kinkhoast gefaarlik wêze. De GGD wit net hoe't de sykte him de kommende jierren ûntwikkelje sil. Ynintsjen is blykber gjin garânsje dat bern net siik wurde.