Moade yn grêfstiennnen
Ek yn grêfstiennen bestiet der soksawat as moade. Wienen de stiennen earder rjocht, no binne der tal fan mooglikheden.
Stienhouwerij De Steenklip út Snits makket in soad moderne stiennen dy't echt by de persoan past dy't ferstoarn is. Lykas de stien foar in bemanningslid fan it Lemster skûtsje. Dêrop komt de foarm fan it skip nei foaren.