Frysk Museum: útstalling De Heer

© Omrop Fryslân
It Frysk Museum komt takom jier mei in útstalling mei wurk fan Margaretha de Heer, ien fan de earste froulike keunstners fan Nederlân. De Heer waard berne yn Ljouwert en hat dêr ek in grut part fan har libben wenne.
It museum sil sa'n 40 wurken fan har toane, dy't benammen de natuer as ûnderwerp ha. Tagelyk mei de tentoanstelling ferskynt ek in boek oer har wurk.