Plysje fangt 3000 kg fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei 3000 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen. It fjoerwurk wie yn besit fan in 26jierrige Snitser, dy't it guod opsloech yn in skuorke yn Easterein. It fjoerwurk hat in wearde fan sa'n 30.000 gûne.
Der binne trije manlju oanhâlden, de Snitser en twa klanten út Oerisel. De manlju sitte noch fêst. De plysje ûndersiket de saak.