Gebedsromte moat ferhúzje
De gebedsromte foar moslims yn gemeente Smellingerlân moat in oar plak krije, fynt direkteur Meesters fan it azc yn Drachten. Der is sûnt fiif jier in romte oan de Oerterperfallaat, mar dêr geane ek in soad moslims hinne dy't net yn it azc wenje. Foar de buert smyt dat soms oerlêst op.
De omwenjenden ha in klacht yntsjinne fanwege parkear- en lûdsoerlêst.