Bern krije les yn doarpshûs

© Omrop Fryslân
Basisskoalle De Bining yn de Triemen moat fanwege romtegebrek útwike nei it doarpshûs. Dat betsjut dat de bern twa kilometer reizgje moatte. De Bining wol graach in ekstra lokaal, mar krijt dêrfoar gjin jild fan Kollumerlân. De gemeente ferwachtet dat it tal learlingen werom rinne sil.
De FNP wol net dat de bern les krije yn it doarpshûs om't dêr smookt wurdt.