Misbrûk-fertochte op non-aktyf

© Omrop Fryslân
De wurkjouwer fan de man ût Seisbierrum dy't fertocht wurdt fan seksueel misbrûk, set de man op non-aktyf sa gau as hy troch justysje frijlitten wurdt. Ek as de man frijsprutsen wurdt, is der foar him gjin plak mear yn it bedriuw.
De man wurke by de sosjale wurkfoarsjenning Westergo-bedriuwen yn Frjentsjer. Der is tiisdei fiif jier sel easke tsjin de man troch it Iepenbier Ministearje.