SGP net iens mei ûnderskieding

© Omrop Fryslân
De SGP is it net iens mei it feit dat de eutanasy-aktiviste Klazina Alberda in keninklike ûnderskieding krigen hat. Alberda is ôfrûne wykein beneamd ta Offisier yn de oarder fan Oranje Nassau.
Alberda stie begjin jierren '70 oan de basis fan de diskusjes oer de legalisaasje fan eutanasy. De SGP fynt net dat ynset foar 'dea op fersyk' beleand wurde moat mei in ûnderskieding.