Freonskip mei Sichuan offisjeel

04 des 2001 - 00:00

De freonskipsbân tusken Fryslân en de Sineeske provinsje Sichuan is fan tiisdei ôf offisjeel. Doe waard in gearwurkingsoerienkomst tekene op it Provinsjehûs yn Ljouwert.

Yn 1996 hie it provinsjebestjoer ek al in Sineeske delegaasje op besite. Doe waard in earste kommersjele oerienkomst tekene. De oerienkomst fan tiisdei hat mear betsjutting op bestjoerlik nivo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)