Byld Sunny Boy stellen

04 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It brûnzen byld fan de bolle Sunny Boy is moandeitenacht stellen op It Hearrenfean. It byld stiet by de fokkerijorganisaasje CR Delta. De stellerij waard tiisdeitemoarn ûntdutsen.

Nei alle gedachten giet it om in âldjiersstunt en sil Sunny Boy wol wer earne opdûke. Der is dochs oanjefte dien by de plysje. By it fuortheljen is skea ûntstien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)