Fiif gemeentes, ien advertinsje

© Omrop Fryslân
De gearwurking fan fiif gemeentes yn Noardeast-Fryslân op it mêd fan personiel wurket goed. Sûnt maaie dit jier wurdt nij personiel socht troch it pleatsen fan in advertinsje fan de fiif gemeentes mei inoar.
It nije personiel, mar ek it eigen personiel, kriget troch de gearwurking mear kâns om troch te streamen fan de iene gemeente nei de oare.