Wylde achterfolging yn Snits

03 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Nei in wylde achterfolging is yn Snits in ynwenner (20) fan Nijlân oanhâlden. Hy naaide út by in plysjekontrole, ramde op de Boalserterbaan in plysjeauto en stode troch rjochting Ysbrechtum.

Lykwols, op 'e Muontsestrjitte yn Snits klapte er op 'en nij op de plysjewein. Syn auto kaam yn in tún telâne, dêr't de plysje him oppakte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)