Lek yn wetterlieding

02 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De ynwenners fan Deinum, Weidum, Hilaard en Blessum hawwe snein sa'n trije oeren sûnder wetter sitten. De oarsaak wie in lek yn de wetterlieding. Dertroch foel de druk op de kranen fuort.

NUON Wetter hat fan sân oant tsien oere sneintemoarn dwaande west it lek op te spoaren. Monteurs meitsje snein of moandei it lek ticht. Dat hat gjin gefolgen foar de wetterfoarsjenning.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)