Oppakt foar drugsbesit

07 mrt 2012 - 10:43

De plysje hat tiisdei yn Easterwâlde seis minsken oanhâlden op fertinking fan drugsbesit. De saak kaam oan it rôljen doe't op de Snellingerdyk in man (29) út Assen oanhâlden waard. Hy ried sûnder rydbewiis en hie gjin jildige fersekering. Hy hie acht boltsjes kokaïne en heroïne by him, dy't er yn in hûs oan de Lage Esch kocht hie. By in hûssiking trof de plysje fiif minsken oan en in partij amfetamine.

Alle fertochten binne ynsletten. De auto fan de man út Assen en de drugs binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje Easterwâlde drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)