1 desimber: wrâld-Aidsdei

© Omrop Fryslân
De belangstelling foar wrâld-Aidsdei nimt ôf omdat de eangst foar Aids ek ôfnimt. GGD-Fryslân fynt dit in gefaarlike ûntwikkeling, omdat it tal HIV-gefallen net ôfnimt.
Ek yn Fryslân reitsje noch in soad minsken besmette mei it firus. By it GGD-gebou oan de Weaze yn Ljouwert koene minsken har sneon anonym teste litte. Sa'n 6 minsken hawwe dit dwaan litten.