'Jild foar tafeltje-dek-je'

30 nov 2001 - 00:00

De oerheid moat tenei it tafeltje-dekje subsidiearje. Dat fynt Maaltijdservice Fryslân, dat freed tritich jier bestiet.

Minsken dy't lang siik binne draaie no sels op foar de kosten fan it iten. Neffens Maaltijdservice is in goed miel lykwols ûnderdiel fan goede soarch en moat tafeltje-dek-je opnommen wurde yn de AWBZ, it oerheidsfûns foar siken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)