Offalferwurking Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De gemeentlike ôffalferwurking yn Achtkarspelen rint net sa't it rinne moat. Dat seit direkteur Doppenberg fan Afvalsturing Friesland. Neffens him binne lykwols de grutste swirrichheden sûnt de privatisearring wol foarby.
De kompostearing op Lytse Post moat noch oars opset wurde en dat betsjut dat de klanten mear betelje moatte. 20 desimber wurdt de kwestje yn de ried behannele.