Tsjerke wol jild fan wetterskip

30 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Samen-op-Weg-tsjerke yn It Heidenskip tsjinnet in skeaclaim yn tsjin wetterskip Boarn en Klif. De tsjerke fersakket no't it wetterskip it peil fan it grûnwetter ferlege hat.

Troch de fersakking rotsje fundearringspeallen fuort en is skea ûntstien oan de muorren. De tsjerke hat fyftichtûzen gûne nedich om de skea te ferhelpen. Boarn en Klif sjocht oft se skuld ha.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)