Krappe beurs revalidaasjesintra
Revalidaasjesintrum Fryslân hat grutte finansjele problemen. Mei-inoar hawwe de 23 revalidaasje-ynstellings yn Nederlân 15 miljoen gûne temin.
De problemen binne ûntstien troch de hegere kosten. Dêr krije de revalidaasjesintra gjin fergoeding foar fan it ministearje fan Folkssûnens. De jildkrapte sil liede ta langere wachtlisten.