Oanhâlding foar creditcardfraude

29 nov 2001 - 00:00

De plysje hat in 18-jierrige Ljouwerter oppakt foar grutskalige creditcardfraude. De jongen 'kreake' creditcardnûmers fia ynternet en die dêrnei tsientallen bestellings by ynternetwinkels. Hy kocht op kosten fan oaren CD's, blommen, kompjûters en in sinnebank. In part fan it guod waard fia ynternet trochferkocht.

De plysje naam by de jongen seis kompjûters en in soad jild yn beslach.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)