Dieverijen It Bilt oplost
De plysje hat in grut tal stellerijen yn de gemeente It Bilt oplost. Der binne 17 fertochten oanhâlden fan 11 oant 19 jier. Se komme allegearre fan It Bilt.
De jonge fertochten brutsen yn yn skoallen en winkels yn Ljouwert, Menaam, Berltsum en Sint Anne. Boppedat makken se harren skuldich oan it 'lienen' fan fytsen.