Broekster Boys bliuwt by Frysk
Fuotbalclub Broekster Boys giet troch mei it stjoeren fan Fryske brieven oan it distrikt Noard fan 'e KNVB. De club ferwachtet fan in organisaasje dy't op it Hearrenfean kantoar hâldt, dat se Frysk lêze kin.
De KNVB wegere in Frysktalich beswierskrift yn behanneling te nimmen. Se wolle de oersetkosten trochberekkenje.