Lemster ûndernimmers lilk
Undernimmers op De Lemmer driigje de gemeente mei skeaclaims. Neffens de eigners ha de winkels oan de Fiskersbuorren minder omset. Dat komt om't yn it sintrum oan it rioel en oan de dyk wurke wurdt.
Troch opbrutsen strjitten bliuwe de klanten fuort. Neffens wethâlder De Haan is de gemeente net oanspraaklik.