Spul museummeiwurkers op Flylân

© Omrop Fryslân
De direkteur fan museum it Tromp's Huys (49 jier) is woansdei troch syn assistint (57 jier) mishannele. It slachtoffer hie ferwûnings oan de holle. Hy is nei de húsdokter brocht.
Neffens de eilanners ha de beide meiwurkers al langer spul. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke. De boargemaster is op de hichte steld fan de kwestje, mar woe net reagearje.