Undersyk iepenbier ferfier

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân lûke beide 40.000 gûne út foar in ûndersyk nei de takomst fan it iepenbier ferfier yn de omkriten fan Ljouwert.
It ûndersyk moat mear dúdlikens jaan oer de mooglikheid fan in treinstasjon by de Werpsterhoeke, fan de Suderseeline en nije busbanen. Ek wurdt ûndersocht of it mooglik is nachts bussen ride te litten.