Staazjeplakken foar allochtoanen

28 nov 2001 - 00:00

Friesland Coberco Dairyfoods wol him ynsette om etnyske minderheden oan it wurk te krijen. It bedriuw hat dizze wike ôfspraken makke mei it ministearje fan sosjale saken om mear staazjeplakken foar allochtoanen oan te bieden.

Mei de stazjêres wurdt dêrnei alle jierren bepraat wat de mooglikheden foar in baan binne. 37 oare bedriuwen ha deselde ôfspraak mei it ministearje makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)