Paradyske wurdt privatisearre

27 nov 2001 - 00:00

Swimbad It Paradyske yn Kollum komt yn hannen fan de gemeente Kollumerlân. It bestjoer draacht de stichting mei yngong fan takom jier oer. De gemeente kin dan fierdergean mei de privatisearring fan it swimbad.

De gemeente wol fan it bad ôf om't it al jierren min draait. Ofrûne simmer ha der lykwols mear as 50.000 besikers west.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)