Fúzje handikapte-organisaasjes

27 nov 2001 - 00:00

Trije handikapte-organisaasjes yn Fryslân sille fusearje. Heechhout/Kaai, D.A.G. Friesland en Maartenswouden komme by elkoar per 1 jannewaris.

De nije organisaasje begeliedt 3500 handikapten en biedt har ûnderdak. Troch de fúzje moat slachfeardiger wurke wurde. De foarsjenningen foar de dielnimmers bliuwe lykwols lytsskalich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)