Postume ûnderskieding

© Omrop Fryslân
Koop en Riemke Visser en Folkert en Ettje de Boer krije woansdei postúm in hege Israelyske ûnderskieding. De beide Fryske echtpearen krije de ûnderskieding fan it Yad Vashem ynstitút yn Jeruzalem.
Se ha yn de oarloch Joadske bern opfongen. Twa ûnderdûkers binne woansdei by de seremoanje oanwêzich. It Yad Vashem ynstitút hâldt de neitins fan de omkommen Joaden yn eare.