Plan Frysk wer ter diskusje

© Omrop Fryslân
De provinsje praat op 'en nij mei ûnderwiisynstellings oer it Frysk. Dat sei deputearre Jansen moandei. Deputearre Steaten bepraten it Plan fan oanpak Frysk yn it Basisûnderwiis.
It nivo fan it Frysk moat oan 'e ein fan 'e legere skoalle like heech wêze as dat fan it Nederlânsk. Kritisy fine dat der mear jild stutsen wurde moat yn learmiddels.