Máxima-flagge noch gjin súkses

© Omrop Fryslân
It rint noch net bot stoarm mei de spesjale Willem en Máxima-flagge. De Dokkumer Vlaggen Centrale, dy't de flagge ferkeapet, tinkt dat de fraach noch wol bot tanimt tsjin de tiid dat it keninklik pear trout.
Op de keninklike trouwerij binne fyftich Friezen útnoege. Sy binne útsocht troch de provinsje. It binne benammen minsken dy't ek by de besite belutsen wiene.