Eask tsjin Molukse aktivist
De Arnhimse rjochtbank hat moandei fjouwer jier sel easke tsjin Leo Reawaruw. De Molukse aktivist út Ljouwert soe belutsen wêze by in tal oanslaggen.
Reawaruw presintearre him as wurdfierder fan de aksjegroep Maluku Warchild, yn in perioade dat der tal fan oanslaggen pleegd waarden. Justysje fertocht him letter sels fan belutsenens dêrby.