Netelenbos yn Fryslân
Minister Netelenbos fan Ferkear en Wettersteat hat moandei in wurkbesite brocht oan Fryslân. Se hat ûnder mear in kolleezje jûn oan learlingen fan de NHL. Foar har ljochte se plannen oer de kilometerheffing ta.
De minister koe noch neat sizze oer de oanlis fan de magneet-sweefbaan yn it Noarden. It kabinet sil dêr op 7 desimber in beslút oer nimme.